List fan keningen fan Juda

Dit is de list fan keningen fan Juda, sa't dy jûn wurdt yn 'e boeken 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen fan 'e Bibel. Oer de persize datearring bestiet in protte ûnienichheid; hjir binne de jiertallen oanholden sa't bibelhistoarikus E.R. Thiele dy jout. (Foar it meastepart binne dat deselde jiertallen dy't ek efteryn de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 jûn wurde yn 'e taheakke Oersjoch fan de Bibelske Histoarje, behalven op plakken dêr't dêr blykber wat misgien is en se der op ûnferklearbere wize fan ôfwike, wat fêststeld wurde kin oan 'e hân fan 'e lingte fan 'e regearperioades dy't yn 'e eigentlike bibeltekst neamd wurde.) Skeanprinte nammen jouwe in omstriden keningskip oan.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy